Justerjûn – 28 jannewaris – binne wy yn de grutte seal fan Soarchsintrum De Skûle , útein set mei it iepenloftspulbarren fan oankommende septimber.
Alle spilers , lyts en grut , krigen it skript – Riemck fan Ropta – útrikt en ek elts krige dizze jûn te hearren wat foar rol , regisseur Atsje foar harren yn de akte hie.
Oant te mei healwei septimber sil der – foarearst alle wiken yn de Skûle en letter op it Stinzeterrein – oefene wurde.
