Jûn fan de ferhalen yn Fryslân

Om it iepenloftspul foar eltsenien mear bekendheid te jaan , Hat Stichting Iepenloftspul Mitselwier mei dien oan de ferhalen jûn fan Fryslân – Ofrûne Freed 15 novimber.

Stichting Iepenloftspul Mitselwier presintearre , dizze jûn , harren ferhaal oer it iepenloftspul fan takomme jier. “Riemck fan Ropta”!

Al mei al kamen der sa’n 30 harkers nei de âlde mûne fan Ropta om te lústerjen nei it ferhaal oer Riemck….! It ferhaal waard om 19.30 oere en om 20.00 oere – oertsjûgjend ferteld troch Harm Geerligs út Dokkum.