Foarwurd

Wat verschijne, wat verdwijne

t`Hangt niet aan een los geval

In`t verleden ligt het heden

In het nu, wat worden zal.

 Doe`t ik yn` e argiven omstrúnde om  ynformaasje  oer Worp Ropta, stuite ik op dit gedichtsje.  Dat lytse rigeltsje; in`t verleden ligt het heden, dat yntrigearre my.  It ferline… dêr lizze ús roots, ús kultuer, ús taal, ús wêzen. Wat makket in Fries, in Fries!  Wat makket, dat dit eigensinnich folkje dat noch altyd op`e barrikade stiet foar syn frijheid en faak, en  dwers  tsjin`e tried yn, syn eigen gong giet!

 In`t verleden ligt het heden  dit gedichtsje, skreaun yn 1297, is ek it jier wêr`t ik de namme  fan Worp Ropta  tsjin kaam.  In fernaam ealman mei macht, oansjen en jild.  Wa`t Ropta seit, seit Mitselwier. (myn beppesisser reagearre fuort mei; ja  “Roptaboys”)  Folle minsken sille wol net mear witte dat op it plak wêrt no, it rjappel bedriuw Ropta stiet, ienris in steatlike state stie wêr`t it geslacht Ropta wenne dy`t syn macht net allinne beheinde ta  Mitselwier mar hast hiel Eastdongeradiel omfieme. Doe`t ik attint makke waard op it  boekje:  “ It soenhús “ fan A M Wybinga, wie`k drekst ferkocht.  Net  om Worp mar mear om syn dochter Riemck, dy`t it oan doarde om tsjin har heit yn te gean en trou te bliuwen oan har hert en har gewisse en dyt dêr troch, in kear brocht yn it grouwélige skeel  dat  al jierren broeide en ta útbarsting kaam tusken har heit en syn aartsfijân Sjûck Helbada. 

Ja, yn it ferline lizze ús woartels….Al feroarje de jierren, de  omstandicheden en  de gewoanten,  ien ding feroaret nea!  Elk minsken, hoe ryk as hoe earm ek,  hawwe har grutskens, harren gefoelens en harren leafdes .  Mar wat ek fan alle tiden is  en  dat sil  ek wol nea feroarje hjir op ierde:  Wa`t   jild hat, hat de macht!

Baukje van Hijum